Tonielgroep Bienze Westra komt nei De Westereen

Geplaatst op: 30 januari 2013

De Westereen – Saterdei 2 febrewaris om 19.30 oere spilet de toanielferiening “Bienze Westra” yn Soarchcentrum Brugchelencamp  De Westereen. In Gekkehûs yn ’t Sikehûs fan Wilma-Renes- Leertouwer. It stik giet oer in nij sikehûs yn Aldwâld.

Gelyk al in ferbouwing mei in protte argewaasje. Oeral is tekoart oan; rûmte, bêden en persoaniel. De helte fan it persoaniel wurdt dan ek nochris siik. Pasjinten dy’t net tefreden binne. In dokter dy’t der frjemd yn omslacht.Oeral is tekoart oan, útsein oan fleurichheid. It wurdt in wier gekkehûs yn dit sikehûs.

De kosten foar dizze jûn binne € 7,50, incl. kopke kofje of thee. Eltsenien is fan herte wolkom mar kom op ‘e tiid want fol=fol!
 

|